BEDANKBRIEF HINDRIK VAN DER MEER BEDANKBRIEF HINDRIK VAN DER MEER
Oan de tsjerkemienskip fan Goutum.
It is al wer efkes lyn dat wy mei it Kwartettekoar by jim op besite wiene. Us “oantrúntoernee” is no foarby. Op 8 maart 2020 yn Winsum wie de lêste fan de 44 kearen dat wy as Kwartettekoar mei ús muzikanten besochten mei nije Fryske teksten en lieten de tsjerkemienskippen te ynspirearjen mear te dwaan mei ús eigen moaie taal. Dat de twadde printinge fan “Hertslach” al nedich wie, is hoopje wy, in teken dat ús krewearjen gehoar kriget! It binne lieten “om it út te sjongen”, sa as de ûndertitel oanjout. Stim jaan dus oan sawol de ljochte kanten fan it libben as oan de tsjustere. Ek tal fan boartlike lieten foar bern steane der yn.
Ek by jimme yn de prachtige Goutumer tsjerke, dy’t op in unike manier oanpast is oan ús tiid, sûnder de histoarje te ferleagenjen, diene wy ynspiraasje op om fol moed fierder te gean. Wy krigen fan de koster moarns al in waarme ûntfangst en murken dat ús besite tige yn de smaak foel, mar ek dat it Frysk by jimme al in soad sympaty hat. Oer it nije materiaal fan  “Hertslach” krigen wy in soad entûsjaste réaksjes.                                                  
PS: De tsjerketsjinst by jimme krige de middeis noch in hiel moai ferfolch yn Himpens! Beitske en ik fersoargen yn it ramt fan “Kerkcafé” noch in kultureel programma yn dat hiel moaie tsjerkje dêre.
Foar my krige eltse tsjerkemienskip ek wat bysûnders troch de moetings nei de tiid. Faak trof ik minsken dy’t mei oantinkings kamen fan soms wol in heale ieu ferlyn. Mei dêrtroch foelen ûnderweis hiel wat “ljochtstrieltsjes” op ús paad. Ik sis mei sin “ús paad”, want Beitske, myn frou, wie der alle kearen by. Ek de sjongers en muzikanten hiene sokke moetings. Nei de fiering, ûnder de kofje, waard dan ek net allinne praat oer de liturgy, mar waarden ek herinneringen ophelle. It like bytiden wol in réuny.
Net allinne de tsjerkemienskippen wiene hieltyd wer oars fan sfear, ek de tsjerken wiene foar ús as sjongers en muzikanten faak ûntdekkings. Wy krigen ûnderwilens o sa’n niget oan al dy gebouwen: “kâlde stien dy’t waarmte jout”.  Wy seagen en fielden in histoarje fan ieuwen. Krekt as ús foarâlden besykje wy de lofsang geande te hâlden, mar dan mei in nije benadering.
Dizze oantrúntoernee wie foar Beitske en my in bysûndere manier om it byltsje der fleurich by del te lizzen. Mei grutte tank oan it Kwartettekoar fansels, mei it warbere bestjoer dat it organisearre. It idee fan in briedplak foar nije liturgy waard breed droegen en ûntfongen, en wy hoopje en ferwachtsje dat it seadden oan’e dyk sette sil yn de Fryske tsjerkemienskippen.
Oan it Kwartettekoar, dat trochgiet ûnder lieding fan Feike van Tuinen, sil it net lizze.
Tige de groetnis,
Hindrik van der Meer                                                                            
 
terug